Aventoerepark Okke Hel yn Wytmarsum

It ljocht is út. De tribune is leech. De Bokkepoat ferdwynt aanst. Foar ivich? Wa wit. Mar de besikers nimme it ferhaal fan Okke Hel, Geeske, Sybren, Antsje, Puck, Martine, Jehannes, Lytse Gerrit, Lila Swylstra en Hidde en Aniek en de lieten en de muzyk fan koar en korps mei nei hûs. En thús sille se it ferhaal fjirder fertelle.

Betanke elkenien dy’t foar en efter de skermen meiwurke hat om der fiif magyske foarstellingen fan te meitsjen. En foaral de besikers betanke. Want sûnder publyk gjin toniel!

Wolle jimme noch wat oan ús kwyt? Stjoer in berjochtsje! iepenloft.wytmarsum@hotmail.com